Keunstfeiling op It Hearrenfean

© Omrop Fryslân
In keunstfeiling yn hotel De Greide op It Hearrenfean hat sneontemiddei sa'n 20.000 euro opbrocht. De hiele opbringst is foar ûntwikkelingsprojekten yn Nepal.
Der wiene ferskate aktiviteiten dêr't ek Nepalese keunstners oan mei diene. Sa'n fjirtich Fryske keunstners hiene keunstwurken meastentiids fergees beskikber steld. In wurk fan keunstner Sjoerd de Vries brocht 4000 euro op.