Tsjerke Skingen:mear jild nedich

27 apr 2002 - 00:00

Der is noch hast 100.000 euro nedich foar de restauraasje fan it tsjerkje fan Skingen. Der is al út ein set mei it wurk, mar der moat noch wol jild by komme. Sneon koene de bewenners fan it doarp letterlik har stien bydrage.

Foar 5 euro mochten se in winsk gravearje litte yn in leien dakpanne foar de tsjerketoer. Der is ek in grêfstien út 1614 fûn ûnder de flier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)