Mear blommen op Slachtedyk

© Omrop Fryslân
It Fryske Gea wol fan de Slachtedyk in blomryk, fleurich lint meitsje. It Gea, eigner fan de Slachtedyk, wol dêrom dat boeren letter meane, sadat de bjirms fan de dyk fol blommen komme te stean. De boeren binne lykwols benaud dat in oar meanbelied liede sil ta mear stikels yn it lân. Boeren en it Fryske Gea prate dêrom oer in oerienkomst.