Wurkgelegenheidsprojekt Philips

© Omrop Fryslân
Wurkleazen sille by Philips Drachten ynkoarten tydlik it wurk oernimme fan fêste meiwurkers dy't op kursus moatte. Eigen minsken moatte faker op kursus fanwege de hieltyd komplekser wurdende technyk.
De 'pool' fan wurkleazen wurket foar in part al by Philips, mar dan op basis fan in wurkûnderfiningsbaan. Dy minsken kinne no in jierkontrakt krije.