FNP net bliid mei taakferdieling

© Omrop Fryslân
De FNP yn de gemeente Achtkarspelen is net lokkich mei de ferdieling fan de portefeuilles fan it nije kolleezje fan B&W. Oanfierder Van der Veen fynt dat twa fan de fjouwer wethâlders in te licht takenpakket hawwe.
Dêrby doelt V.d.Veen op de portefeuilles fan de wethâlders V.d. Ploeg (CDA) en V.d. Veen (Christenunie). Gemeentebelangen Achtkarspelen is it mei de FNP iens.