Unrêst oer Gryksk firus

25 apr 2002 - 00:00

De GGD yn Ljouwert hat telefoantsjes krige fan fakânsjegongers. Yn Grikelân hat in ûnbekend firus it libben koste oan trije minsken. Yn it lân sels feroarsaket it grutte panyk. Berneopfangsintra, skoallen en universiteiten binne tydlik ticht.

Koarts, swier sykheljen en ûntstekking fan it hert binne de symptomen. Der is noch gjin negatyf reisadvys.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)