Gert Kruys nei FC Den Bosch?

25 apr 2002 - 00:00

It liket derop dat Gert Kruys in nije klub fûn hat. De trener fan Cambuur dy't nei dit seizoen opstapt, is yn petear mei FC Den Bosch en wichtich kandidaat foar de funksje fan trener.

Kruys sil freed noch in petear ha mei Arnold Scholten, direkteur fan FC Den Bosch. Hy wurdt dan de opfolger fan William Floot, de hjoeddeistige coach, dy't nei alle gedachten nei Roda JC sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)