Tekoart oan húsdokters Ljouwert

© Omrop Fryslân
Der is in grut tekoart oan húsdokters yn Ljouwert. Nije ynwenners fan de stêd kinne hast gjin húsdokter mear fine, omdat hast alle praktiken op it maksimum tal pasjinten sitte.
Húsdokters kinne dêrom net oars as nije pasjinten wegerje. Neffens soarchfersekerder De Friesland is de krapte oan húsdokters it gefolch fan de besunigings yn de soarchsektor.