Asbest fûn by Frisia Grou

25 apr 2002 - 00:00

Op bedriuweterrein Frisia, oan de noardkant fan Grou, binne by wurksumheden hege konsintraasjes asbest oantroffen. De gemeente hat de omwenjenden dêr mei in brief fan op de hichte steld.

Neffens de gemeente is der gjin gefaar foar de folkssûnens. It asbest komt út sloopôffal út Ljouwert dat yn de jierren '70 yn âlde sleatten dumpt is. Dy sleatten sille no sanearre wurde.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)