Trije nominearren rasismepriis
Foar de antyrasismepriis fan de gemeente Ljouwert binne trije nominaasjes. It binne it Friesland College, de stichting Respons en twa Ljouwerters Basile Maneka en Frido Bokomo. Der wienen fyftjin ynstjoeringen.
De twa jierlikse priis is foar in persoan of in ynstelling dy't rasisme bestriidt. De priis wurdt op it Befrijingsfestival 5 maaie útrikt.