Doarp skokt oer sluting fabryk

© Omrop Fryslân
Wurknimmers fan Nestlé en ynwenners fan Skarsterbrêge binne skokt oer de sluting fan it fabryk. Der komme 75 minsken op strjitte te stean. In part fan it personiel kin nei oare festigingen en foar de oaren komt in sosjaal plan.
It hege gebou mei de ljochtbeaken heart ek echt by it doarp. It fabryk spilet in belangrike rol neffens doarpsbelang.