Jo namme op Cambuur-shirt
Supporters fan fuotbalklub Cambuur kinne foar 50 euro harren namme drukke litte op it offisjele wedstrydshirt fan takom seisoen. Alle nammen foarmje dan it Cambuur-logo. Op de proefdruk fan woansdei stiene 600 nammen.
De aksje is in wrâldprimeur om't it inisjatyf by de supporters sels weikomt, en hat neat te krijen mei de minne finansjele situaasje fan Cambuur.