Hantekens Ent Europa oanbean
De heal miljoen hantekens fan Ent Europa binne woansdei dochs yn De Haach telâne kommen. It aksjekomitee soe de petysje ferline wike al oanbiede, mar dat gie net troch om't it kabinet doe fallen is.
De fêste keamerkommisje evaluearret de tongblierkrisis fan ferline jier. Ent Europa wol dat by in nije útbraak it fee previntyf inte wurdt.