Kameleonsmid foar Rie fan Steat

© Omrop Fryslân
Yn Terherne is ûnfrede oer de smid fan it Kameleondorp. Hy wol ek foar himsels begjinne op it Syl, mar dat wolle de buertbewenners net hawwe. Se binne benaud foar drokte troch busfollen toeristen en stjonkerij.
De ienmans-smidte hoecht net beslist in ôfsûchkap te hawwen fan de gemeente. De saak is yn behanneling by de Rie fan Steat. Utspraak oer 14 dagen.