Ynvalide ferdrinkt yn sleat

© Omrop Fryslân
In ynvalide man út Hantum (80) is tiisdeitemiddei yn Foudgum ferdronken, nei't er yn in sleat fallen wie. De man rekke op de Mellemawei de kontrôle oer de karre kwyt. Nei alle gedachten kaam dat troch de gatten yn de dyk.
De Hantumer foel foaroer yn 'e sleat en ferdronk. Twa foarbygongers hellen him derút. Meiwurkers fan Buro Ungefallenanalyze hawwe de saak ûndersocht.