Undersyk saak-Driezum is dien

© Omrop Fryslân
De plysje is klear mei it ûndersyk nei seksueel misbrûk fan bern troch in ynwenner fan Driezum. De 42-jierrige man wurdt derfan fertocht fiif bern misbrûkt te hawwen. It giet om bern fan fjouwer oant tsien jier âld.
De fertochte sit op dit stuit noch fêst. Hy moat yn juny foar de rjochter ferskine. Betingst is wol dat dan it psychologysk ûndersyk klear is.