Aksjes yn de suvel

24 apr 2002 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

Yn alle Fryske suvelfabriken binne woansdei hantekenaksjes. Sa wurdt peild oft de meiwurkers foar it ôftwingen fan in bettere cao binne. De wurkjouwers wolle 3 % leansferheging yn it earste jier en 2,5 yn it twadde. De wurknimmers wolle twa kear 4 %.

As der gjin better leanbod komt, stake de FNV-leden mids maaie. Dat waard tiisdei dúdlik op in aksjegearkomste.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)