Trouring nei fjirtich jier werom
Nei fjirtich jier hat Jelle van de Leeuw fan Burgum syn trouring werom. As jonge heit wie er dy ferlern yn in stik lân by Nyegea. Dat wie begjin sechtiger jierren.
Klaas Bot fan Drachten fûn de ring ôfrûne wike werom. Hy wie op it lân fan boer Ybema mei syn metaaldetektor oan it strunen. De eigner waard nei in lytse speurtocht fûn.