Frisia Zout krijt konsesje
Frisia Zout BV yn Harns hat in nije sâltwinningskonsesje krigen fan it ministearje fan ekonomyske saken. De konsesje jildt foar sechtich jier foar it gebiet by Seisbierrum.
De doarpen yn dat gebiet binne benaud dat de huzen fersakje en ha altyd tsjin de konsesje protestearre. De bewenners binne bang dat se gjin skeafergoeding krije.