Gjin draachflak opfang dakleazen

© Omrop Fryslân
Foar de dei-opfang fan dak- en thús- leazen oan de Sudergrêftswâl yn Ljouwert is noch hieltyd gjin draachflak. Op in ynformaasjejûn koene omwenjenden fragen stelle oer de feiligens yn de buert en de oanpak fan mooglike oerlêst troch de plysje.
Buertbewenners ha der gjin fertrouwen yn om't op oare plakken ek hast neat dien is. De opfang giet ein maaie iepen.