Fiskhevel kin noch mear fisk oan

© Omrop Fryslân
De fiskhevel yn Roptasyl kin noch mear fisk fan de Waadsee oerhevelje nei de Fryske boezem as no it gefal is. Dat seit ekolooch Wintermans.
De fiskhevel bestiet sûnt jannewaris 2001 en hat as doel benammen glêsiel en trijestikelige stikelbears fan de Waad- see nei swiete binnenwetters te loadsen. Sy binne belangryk foar beropsfiskers en as iten foar guon fûgels.