Noch telefoansteuring by UPC
Kabelbedriuw UPC hat noch hieltyd te krijen mei in grutte telefoansteuring. Krekt as moandei kinne 35.000 klanten fan UPC yn Fryslân en Flevolân net belje of belle wurde. UPC hat yntusken in skeafergoeding tasein.
De gemeente Hearrenfean oerwaget in skeaclaim yn te tsjinjen tsjin UPC fanwege de telefoansteuring.