'Bern Kwyt' op It Hearrenfean

22 apr 2002 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

Op it Hearrenfean sette se yn maaie út ein mei it projekt 'Bern Kwyt'. It moat derfoar soargje dat winkeljende âlden harren kwytrekke bern weromfine. Dielnimmende winkels krije in stikker op 'e doar as herkenningsteken.

It weromfinen bart fia in spesjaal telefoannûmer. It idee komt oarspronklik út Ingelân wei. Yn Ljouwert rint it projekt ek al.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)