Supermerk yn Bakhuzen slope
Yn plak fan de supermerk yn Bakhuzen moatte trije huzen komme. Alteast as it oan boargemaster en wethâlders fan Gaasterlân-Sleat leit.
De supermerk oan de Sint Odulphusstrjitte is yn in minne steat en soe sloopt wurde moatte. De gemeenteried nimt tiisdei in beslút oer it wol of net ôfbrekken fan it gebou.