Man út Kollum ferûngelokke

21 apr 2002 - 00:00

In 37-jierrige Kollumer is sneontenacht by in ûngelok omkommen. De man ried oer de Willem Loréwei yn syn wenplak.

Nei alle gedachten hat er troch de dize de bocht yn de dyk te let sjoen. Mei de linkerfoarkant fan de auto kaam er tsjin in betonnen brêgeleuning oan. De man ferstoar op it plak sels.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)