Presintaasje huzen De Volharding

© Omrop Fryslân
Yn it âld feefoerfabryk De Volharding yn Balk wurde goed fjirtich nije huzen boud. It giet om wenningen fan de djoerdere klasse. By de presintaasje fan it projekt hat in projektûntwikkelder in opsje nommen op trije fan de djoerste huzen oan it wetter.
It projekt kostet tsien miljoen euro. Foar de huzen moat tusken de 200.000 en 600.000 euro betelle wurde.