Reade kaart foar Sicko Heldoorn

© Omrop Fryslân
Fuotbalferiening De Sweach fan Beetstersweach dielde freed in reade kaart út oan boargemaster Heldoorn fan Opsterlân. De reade kaart bestie út in petysje. Dêrneist hie de feriening as ludike aksje in fuotbaltoernoai organisearre yn 'e tún fan de gemeente.
De feriening easket dat de fuotbalfjilden renovearre wurde. Dy sitte fol kûlen en de ôfwettering is min.