Skoalle út Drylts sjongt it bêst

20 apr 2002 - 00:00

Basisskoalle De Twine fan Drylts hat freed de earste priis wûn by it Sjongfestival foar bern. It festival waard holden yn de Lawei yn Drachten.

De Twine wûn mei in tekst fan Meindert Bylsma op muzyk fan Cees Bylstra. De skoalle mei no ek op 'e planken op it sjongfestival 'Liet'. De twadde priis wie foar De Librije fan 'e Gordyk, de Earnewjuk út Easterlittens waard tred.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)