Cambuur ferliest mei 2-1 fan VVV
Nei in hektyske wike moast SC Cambuur freed oantrede yn Venlo tsjin VVV. De finansjele perikelen en bestjoerskrisis hiene dúdlik har spoaren neilitten. Cambuur stie nei 16 minuten al mei 2-0 achter troch doelpunten fan Hofstede en Evers.
Nei it skoft brocht Jan Bruin de spanning wer werom, mar mear as in 2-1 ferlies siet der net yn.