Shoarmasaken net hygiënysk
Neffens it tv-programma De Smaakpolitie fan SBS6 doocht der net folle fan de shoarmasaken yn Ljouwert. Yn de útstjoering fan tongersdei wie te sjen dat de trije saken it net sa krekt nimme mei de hygiëne.
Yn kuolkasten waarden bedoarne produk- ten fûn. Ek waarden produkten te waarm bewarre. Neffens it programma wiene eigners net op 'e hichte fan de regels.