Jonge brânstichters oanholden
De plysje hat yn Snits trije jonges fan 12 en 13 jier oanholden. De trije ha bekend twa brannen oanstutsen te hawwen.
De brannen wiene earder dit jier yn twa krekt boude wenten yn de wyk Duinterpen yn Snits. De totale skea oan de wenten leit op sa'n 350.000 euro. Tsjin de jonges is proses-ferbaal opmakke. Dêrnei binne se wer frijlitten.