Auto yn sleat by Koudum

18 apr 2002 - 00:00

By in ûngelok by de Galamadammen, ticht by Koudum, is tongersdeitemiddei in automobilist ferwûne rekke. De man kaam mei syn auto op 'e kop yn 'e sleat telâne.

Twa oare automobilisten seagen dat en hellen de man út de auto. It slachtoffer is fuortdaliks reanimearre en dêrnei oerbrocht nei it sikehûs fan Snits.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)