Kistwurk hâldt der mei op

18 apr 2002 - 00:00

It Fryske literêre tiidskrift Kistwurk hâldt der nei twa jier mei op. Kistwurk Passee, lit de redaksje op 'e website www.kistwurk.nl witte. Kistwurk is in inisjatyf fan dichter Eeltsje Hettinga.

De website waard alle dagen bywurke, fierder ferskynden der oant no ta fjouwer nûmers op papier. It fyfte nûmer sil net mear ferskine fanwege finansjele krapte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)