Fûken oanpast foar otters
Wetterskip Fryslân past 500 fûken foar muskusratten oan, om foar te kommen dat der otters yn telâne komme. Dat is nedich yn it gebiet om de Rottige Meenthe hinne. Dêr (by Skerpenseel) wurde yn maaie otters útset.
De ferwachting is dat it ferkear it grutste gefaar is foar de otter, mar ek de fûken binne in risiko.