Noch net golfe yn Gaasterlân

18 apr 2002 - 00:00

De Raad van State hat de tekenings foar de eko-golfbaan yn Gaasterlân-Sleat net goedkard. De prosedures moatte no opnij trochrûn wurde. De iepening fan de baan kin dêrtroch wol jierren fertrage wurde.

De baan is ûnderdiel fan in grut natoerûntwikkelingsprojekt. De makke ôfspraken tusken boeren, natoerorganisaasjes, gemeente, provinsje en de minister fan lânbou steane no ek faai.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)