Proef: mei stoom túch fuorthelje
Mei stoom túch ferwiderje, dat is in proef fan de gemeente Tytsjerksteradiel. Foar Fryslân is dat in nije metoade. In eardere metoade mei stielboarstels foldie net.
De hurde boarstels wienen skealik foar sêfte stikken en se koenen ek net ticht by de muorren komme. Mei stoom hopet de gemeente wol op alle lestige plakken komme te kinnen.