Tubanters-Snits beteart yn 1-1

14 apr 2002 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

Yn de haadklasse fuotbal fan snein is de wedstryd Tubanters - Snits einige yn 1-1. De wedstryd waard spile yn it thúsplak fan de Tubanters, Enschede.

Midfjilder Koeven skoarde yn de earste helte de 1-0. Yn de twadde helte koenen de Tubanters de gelykmakker meitsje. Mei noch trije wedstriden te gean, hoecht Snits him noch gjin soargen te meitsjen oer eventuele degradaasje.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)