Start bou hospice yn Harns

© Omrop Fryslân
Freed 19 april set yn Harns de bou fan in hospice útein. It gebou, in stjerhûs foar minsken dy't ûngenêslik siik binne, komt yn soarchsintrum De Spiker. De bou moat ein juny klear wêze. Op 1 july wurde dan de earste pasjinten opfongen.
Der is yn it hospice romte foar twa pasjinten. Dy wurde fersoarge troch twa beropskrêften en troch frijwilligers. Der is ek noch ferlet fan frijwilligers.