Degradaasje foar Sweltsjes

14 apr 2002 - 00:00

De Ljouwerter Sweltsjes sitte djip yn de degradaasjesoargen. Sneon waard tsjin koprinner ACV út Assen mei 2-4 ferlern.

Op 'e nij joech de ploech fan Marius Hendriks in foarsprong út hannen. De Ljouwerters stiene foar mei 2-0 mar koene de Assenaren net ûnder druk hâlde. ACV skoarde der noch fjouwer goals by.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)