Gjin TMF-award foar Twarres

© Omrop Fryslân
Gjin prizen foar it Fryske duo Twarres, sneontejûn by de útrikking fan de TMFawards yn Rotterdam. Twarres wie nominearre foar in award yn de kategory 'bêste album nasjonaal' en 'bêste fideo nasjonaal'. De prizen gongen nei de rockgroep Kane en sjongeres Sita.
Ferline jier wie Twarres nominearre en gong de priis ek nei oaren. It duo wûn doe wol in award by de Belgyske TMF.