Kampioenskip nei Friese Boys

13 apr 2002 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

It kampioenskip yn de tredde klasse B fan it sneonsfuotbal giet nei de Friese Boys út Kollumersweach. Yn de beslissende wedstryd tsjin ONR út Roden waard mei 3-1 wûn troch doelpunten fan Meindert Postma (twa kear) en Ronald Nauta.

Lange tiid like it dat it kampioenskip nei Wykels Hallum gean soe, mar dy klub siet nei de winterstop yn in dip. Friese Boys profitearren dêrfan.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)