Heerenveense Boys promovearje

© Omrop Fryslân
Yn de twadde klasse K fan it sneonsfuotbal is de wedstryd Heerenveense Boys - LTC einige yn 2-0. Dêrmei promovearje de Boys nei de earste klasse.
Westerhof skoarde it earste doelpunt út in hoekskop. Yn de twadde helte waard it 2-0. LTC krige mar ien kâns om te skoaren mar dy mislearre. De Heerenveense Boys hawwe yn totaal 28 punten skoard út 20 wedstriden.