'EU foar intsjen by tongblier'

12 apr 2002 - 00:00

De Europeeske Kommisje soe by in nije útbraak fan tongblier faksinaasje tastean wolle yn gebieten mei in soad fee. Neffens CDA-europarlementariër Maat sil de kommisje dat ein dizze moanne bekend meitsje.

Maat fynt dat de Kommisje yn sa'n gefal ek maatregels nimme moat tsjin winkels dy't gjin fleis fan ynente fee ferkeapje wolle.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)