Noch langer fergees mei de bus

12 apr 2002 - 00:00

Busreizgers kinne har foarearst noch fergees ferfiere litte. De aksjes yn de bussen geane noch seker oantemei tiisdei troch. Oant dy tiid kontrolearje sjauffeurs net op kaartsjes. Dat ha de fakbûnen besletten.

De bussjauffeurs fan Noordned dogge net oan de aksje mei. As der tiisdei noch gjin sicht is op in nije cao, komme der noch hurdere aksjes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)