'Feemerk nei hynstesintrum'

© Omrop Fryslân
It Frysk Hynstesintrum yn Drachten wol de konkurrinsjestriid oangean mei it FEC en Thialf. It hynstesintrum stribbet nei it binnenheljen fan in folle breder ferskaat oan eveneminten. It sintrum hat dat ek nedich om finansjeel de holle boppe wetter te hâlden.
Ynterim-direkteur Van Mourik wol 'op termyn' sels de feemerk fan Ljouwert nei Drachten helje.