Argewaasje troch stappers Dokkum
De gemeenteried fan Dongeradiel wol de lûdsoerlêst fan stappers by diskoteek Pondarosa yn Dokkum hurd oanpakke. Omwenners kleie oer it leven bûtendoar.
De plysje moat dêr mear op tafersjen, fynt de mearderheid fan de ried. Eins moatte sokke hoarekagelegenheden nei de râne fan de stêd ferhúzje. Neffens boargemaster Cazemir en plysjesjef Roorda falt it wol wat ta.