Auto's ûnder de grûn yn Dokkum?

11 apr 2002 - 00:00

Dokkum wol auto's mooglik ûnder de grûn parkeare. Foar de simmer moat dúdlik wurde oft in ûndergrûnse parkeargaraazje yn it sintrum finansjeel en technysk helber is.

Mooglike lokaasjes binne ûnder it Dokkum Grutdjip, de Merk en de Oostersingel. De gemeente stelt likernôch 50.000 euro beskikber foar it ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)