Boustaking: fyftjinde dei
De boustaking is tongersdei syn fyftjinde dei yngien. In soad stakende boufakkers út it noarden sammelen har yn Thialf op It Hearrenfean. Se waarden tasprutsen troch fakbûnsminsken.
Yn it lân binne op tal fan plakken sokke regionale byienkomsten organisearre. Mei elkoar giet it om tsientûzen wurknimmers. De boufakkers wolle in bettere cao.