In jier nei tongblierútbraak

© Omrop Fryslân
Foar de Fryske boeren is 11 april in datum dy't se net gau ferjitte sille: in jier lyn bruts yn Eanjum en Ie de tongblier út. Mear as sechstich bedriuwen moasten romme wurde.
In jier letter binne noch fiif bedriuwen dwaande om jild fan minister Brinkhorst te krijen. Boargemaster Cazemier pleite yn de Twadde Keamer foar flotter beteljen fan skeafergoeding tenei.