Grinspeal wer teplak set

© Omrop Fryslân
Grinspeal nûmer 13 tusken Fryslân en Grinslân is wer teplak set. It is de middelste fan 'e 25 peallen tusken de beide provinsjes. Hy stiet oan de Grinzer kant fan 'e dyk DrachtenSurhústerfean. No heart de hiele dyk by Fryslân, earder de heale.
De peallen stean der sûnt 1875. Nûmer 13 hat der tsien jier út west en is hielendal opknapt.